Nijpels wol gearwurkje mei COA

© Omrop Fryslân
Kommissaris fan 'e Keninginne Nijpels sil it COA helpe om Fryske gemeenten dy't noch gjin asylsikerssintrum ha, oer de streek te lûken. It giet om 8 gemeenten dy't tongersdei op it provinsjehûs yn Ljouwert komme sille om mei Nijpels en it COA oer de problematyk te praten.
It COA hat op it stuit noch in grut ferlet fan opfangplakken en fynt dat alle gemeenten in taak ha yn dizzen.