Bedriuwen kape learlingen fuort

© Omrop Fryslân
Steatssekretaris Adelmund fan Underwiis warskôget foar de druk fan it bedriuwslibben op it ûnderwiis. Hieltyd faker 'kape' wurkjouwers VMBO-learlingen wei. Dat sei se moandei op in gearkomste fan 'e Commerciële Club Súd-Fryslân.
Adelmund prate dêr mei learkrêften en ûndernimmers. De skoalfakken moatte nijsgjirriger wurde, sadat de learlingen net fan skoalle ôf gean, sei Adelmund.