Fertochte ATF-brân frijlitten
De fertochte fan 'e ATF-brân is wer op frije fuotten. De 45-jierrige Drachtster hat trije dagen sitten. De rjochterkommissaris sjocht gjin reden om him noch langer fêst te hâlden.
It Iepenbier Ministearje giet yn berop tsjin de frijlitting. By de brân by ôffalferwurker ATF - no in jier lyn binne tonnen skealik guod frijkommen.