Mooglik nij ferkearsplan Gordyk

It nije ferkearsstruktuerplan foar De Gordyk moat mooglik oanpast wurde. Yn it plan stiet hoe't it trochgeande ferkear troch it doarp ride moat en wêr't parkeard wurde mei.
De gemeenteried nimt it plan oer in moanne yn behanneling. De útspraak fan de Steatsrie dat de lûdssônearing by it yndustryterrein net doocht, kin gefolgen hawwe foar it ferkearsplan.