Asbest wurdt nei in wike oprûme
It asbest yn de tunen fan twa huzen oan de Bitgumerdyk yn Marssum wurdt sneon mooglik oprêden. Ferline wike kaam de asbest frij by in brân yn in skuorke. Sûnt dy tiid leit it guod noch yn de tunen.
De fersekerer fan de eigner fan it skuorke keart it oprûmjen. Hy wol earst dúdlikheid ha oer de kosten. Neffens de foarskriften mei asbest net lang lizze.