Kabinet makket tongblierfûns

© Omrop Fryslân
It kabinet hat freed besletten dat der in tongblier-needfûns komt foar de troffen boeren. It ryk wol hjir 60 miljoen foar útlûke op betingst dat ek bedriuwslibben en provinsjes bydrage.
It fûns is fral bedoeld om dy bedriuwen te stypjen dy't sûnder help de tongblierkrisis mooglik net oerlibje. Ek bedriuwen bûten de feehâlderij kinne in berop dwaan op it needfûns.