Fotograaf befrijingsfoto's fûn

© Omrop Fryslân
Henk Lantinga út Canada is de oant no ta ûnbekende fotograaf fan de unike fotosearje fan de befrijing fan Marssum en Sint Anne. Hy is op it stuit op besite yn Nederlân. Freed is hy ûntfongen yn kafee 'Het Grauwe Paard' yn Marssum.
Hy hat dêr syn eigen foto's besjoen. Yn juny 2000 kaam de searje binnen by it Fersetsmuseum. Tidens simmer 2000 ha de foto's in soad belangstelling lutsen.