Run op voicemailmelders

© Omrop Fryslân
By de primafoonwinkels is in run op saneamde voicemailmelders. Omdat foar de voicemail tenei betelle wurde moat, kinne KPN-klanten fergees in apparaatsje ophelje dat oanjout oft der berjochten op de voicemail steane.
Tongersdei setten de winkels útein mei dizze aksje. De measten wiene gau útferkocht. In soad minsken kieze der no foar in antwurdapparaat te keapjen.