'Echtpear op sneon deasketten'

It yn Portugal fermoarde echtpear út Menaam is nei alle gedachten op sneon 5 maaie om it libben brocht. Dat seit wurdfierder Diez Santos fan 'e plysje fan Portimão. De Portugeeske plysje hat tsien resjersjeurs op de saak set.
It motyf fan de moard is in grut fraachteken, want de slachtoffers wiene noch yn it besit fan jild en juwielen.