Tsiisfabriken moatte slute

© Omrop Fryslân
De Frico-tsiisfabriken yn Burgum en Olterterp gean ticht. Dat hat suvelkonsern Friesland Coberco Dairy Foods tongersdei bekendmakke.
Troch de sluting komme 92 minsken sûnder wurk te sitten: fyftich yn Burgum en 42 yn Olterterp. It giet om wurknimmers mei in fêst kontrakt. Dêrnjonken ferlieze nochris njoggen dieltiidwurkers harren baan.