Jos Thie net mear regisseur

© Omrop Fryslân
Jos Thie sil takom jier gjin stikken mear regissearje by Tryater. Hy bliuwt foarearst wol artistyk lieder by it toanielselskip. Dat waard bekend by de presintaasje fan de nije programmearring.
Yn oktober ferhuzet Tryater nei de renovearre Viverskoalle oan 'e Eastersingel yn Ljouwert. By dy gelegenheid bringe se it stik 'Wat in teater', mei Johnny Kraaijkamp jr. yn in gastrol.