Man stjert nei ûngemak

© Omrop Fryslân
In 28-jierrige man út Bitgummole is moandei yn it sikehûs stoarn oan de gefolgen fan in ferkearsûngemak. Oardel wike lyn botste er mei in scooter yn syn wenplak tsjin in beam. Dêrnei waard er oerbrocht nei it sikehûs fan Zwolle.
De plysje is moandei pas op 'e hichte steld fan it ûngelok. Der komt in ûndersyk nei de de oarsaak. De plysje freget tsjûgen har te melden.