Alderen wer nei skoalle

Sân bewenners fan fersoargingshûs De Hofwijck yn Ljouwert sieten moandei foar ien dei wer ris yn de skoalbanken. Learlingen fan it Piter Jelles hienen har útnoege.
De skoalbern bringe al in skoft besites oan it fersoargingstehûs om mei de âlderen te praten en wat foar har te dwaan. Moandei wienen de rollen ris omdraaid.