Dronken man regelet ferkear

De plysje hat it ôfrûne wykein yn Fryslân tsien drankriders trapearre. Alle autobestjoerders krigen in rydferbod, de measten foar in pear oeren.
In 26-jierrige Jobbegeaster die it op It Hearrenfean wol hiel mâl. Hy stie yn it sintum it ferkear te regeljen en hâlde allegear auto's tsjin. De plysje hat de dronken Jobbegeaster meinommen nei it buro.