Earste frijeformaasjepartij

It keatsseizoen begûn snein goed foar Tjepco Miedema, Daniël Iseger en Johan Abma. Mei 5 earsten gelyk en 6 -4 wûn it partuer yn Frjentsjer fan Auke van der Graaf, Kor Zittema en Simon Minnesma.
De lytse preemje wie foar Johan Okkinga, Sake Porte en Thomas van der Meer. De finale waard in skoft stillein fanwege in blessuere fan Auke van der Graaf.