Molukse aktivist bliuwt fêst

© Omrop Fryslân
De Molukker Reawaruw út Harns moat yn alle gefallen noch tsien dagen fêstsitten bliuwe. Dat hat de rjochtbank yn Arnhem freed bepaald. Reawaruw, lieder fan de aksjegroep People Against Genocide (PAG) en de militante groep Maluku Warchild, waard woansdei oppakt.
Hy wurdt fertocht fan útlokking en brânstifting en it liedingjaan oan in kriminele organisaasje.