Gjin anty-diskriminaasjepriis

De anty-diskriminaasjepriis fan de gemeente Ljouwert wurdt dit jier net útrikt. Der wienen gjin oanmeldingen fan organisaasjes of minsken dy't de priis krije kinne soenen. Gewoanwei bart dat op Befrijingsdei.
De gemeente giet wol troch mei de priis, mar draacht it oer oan it COS. It sintrum foar ûntwikkelingsgearwurking sil sjuery en kandidaten útsykje.