Gemeenten sykje personeel

De gemeenten yn Noardeast-Fryslân sille tenei gearwurkje by it sykjen om nij personeel. Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel, Kollumerlân en Tytsjerksteradiel wolle sa besykje de fakatueres wer beset te krijen.
Yn de personeelsadvertinsjes is de gearwurking fan no ôf sichtber. Boppedat wurdt mienskiplik in karriêreadviseur ynhierd.