Eurocalculator foar bystânlûkers

Klanten fan de Sosjale Tsjinst yn Snits krije in eurocalculator. Dat is in rekkenmasine om gûnen yn euro's en oarsom om te rekkenjen. De wethâlder langet it earste eksimplaar takom wike oer oan leden fan it kliïnteplatfoarm.
Der binne 900 klanten dy't de eurocalculator krije. Dat kostet de gemeente 5000 gûne. It bedrach komt út de pot foar bewustwording fan de nije munt.