Unikum by Lotto

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan Snits is in miljoen gûne riker wurden. De gelokkige wûn de haadpriis yn de Lotto. Earder wûn deselde dielnimmer ek al in flink bedrach. Neffens de Lotto bart soks hast nea.
Beide kearen binne de lotten kocht by in tankstasjon yn Snits. Ek de jackpot fan 6,5 miljoen gûne is fallen. De winner fan dat hege bedrach is noch net bekend.