Befrijingsfestival giet troch

It Befrijingsfestival yn Ljouwert giet troch. De organisaasje hat definityf besluten it feest sneon te hâlden om't it liket dat it besmettingsgefaar fan it tongblierfirus net sa grut mear is.
De organisaasje siket lykwols mei sin net de publisiteit bûten de stêd. By de tagong fan it festivalterrein op it Ljouwerter Aldehoustertsjerkhôf komme wol ûntsmettingsmatten.