Koart plysjenijs

In 17-jierrige Ljouwerter rekke moandeitejûn ferwûne by in fjochtpartij yn de Doelesteech yn Ljouwert. In 21-jierrige plakgenoat stuts him in stik glês yn 'e mûle. De dieder is oanhâlden.
In 31-jierrige Ljouwerter is moandei yn in kafee yn Ljouwert mei in barkruk op 'e holle slein. Hy hie in sjaal om fan in Dútske fuotbalklub en dat stie in oar net oan. Hy is oerbrocht nei it MCL-súd.