Wylde efterfolging

Op de Rykswei 32 binne yn de nacht fan freed op sneon twa manlju oanhâlden nei in wylde efterfolging troch de plysje. In 19-jierrige Jirnsumer siet efter it stjoer. Njonken him siet in 18-jierrige Akkrumer.
Se wiene om 03:00 oere hinne útnaaid út Wolvegea mei in stellen oanhingwein. De plysje hat de auto fanôf Oranjewâld efterfolge en úteinlik stoppe.