Lanlike priis foar Himmel-aksje

© Omrop Fryslân
Himmel 2000, de grutte skjinmakaksje ferline jier, hat de Ecotech Award krigen. Dy lanlike priis wurdt takend oan it bêste gemeentlike projekt op miljeugebiet.
Foar it úteinsetten fan Simmer 2000 hat der in grutte oprom- en skjinmakaksje west yn Fryslân. De organisaasje lei foar in grut diel yn hannen fan de Fryske gemeenten.