Aktiviteiten bûtengebiet beheine

© Omrop Fryslân
Minister Brinkhorst advisearret it hiele lân om gjin eveneminten yn bûtengebieten op tou te setten. Yn 'e stêd kin it wol, mar it evenemint moat safolle mooglik op de omkriten rjochte wêze.
Minsken mei evenhoevigen moatte harsels goed ûntsmette: waskje, skjinne klean, dito skuon en tsjillen. Aktiviteiten mei 'tongbliergefoelige' bisten binne der fier bytroch, seit de lânbouminister.