Iepenloftspul Opsterlân giet oer

It iepenloftspul fan Opsterlân giet net troch fanwege de tongblierkrisis. It selskip soe dit jier 'De Trochdraver' opfiere yn rekreaasjegebiet Spanjeburd. Dat is lykwols ôfsletten troch Steatsboskbehear.
Troch de saak no al ôf te sizzen bliuwt de finansjele skea beheind, sa seit de organisaasje fan it iepenloftspul. De opfiering wurdt in jier útsteld.