Koart sportnijs

© Omrop Fryslân
De fuotballers fan Sneek ha snein yn de haadklasse C 2-2 spile by Be Quick. Sneek stiet no tredde fan ûnderen, om't konkurrint Stevo wûn.
De hockeyers fan Leeuwarden ha snein mei 2-1 wûn fan De Graspiepers. In moaie winst, want de Ljouwerters bliuwe yn de earste klasse D no noch krekt boppe de degradaasjesône. Johan Goslings makke even foar tiid de winnnende goal.