Cambuur leit op koers

Cambuur hat noch alle kâns om mei te dwaan oan de neikompetysje. Sneon wûnen de Ljouwerter fuotballers by Emmen mei 1-3. De Freitas makke yn de earste helte alle trije goals foar Cambuur.
Emmen skoarde pas let tsjin, nei't de ploech yn de earste helte by 0-1 in penalty mist hie. Cambuur stiet no sechsde. De klub wol miskien Dominique van Dijk fan Groningen oernimme.