Soad doelpunten by haadklassers
De fuotballers fan Drachtster Boys ha sneon yn de haadklasse C mei 4-0 wûn fan Dronten. Pas nei rêst krigen de Friezen Dronten op de knibbels.
ONS, dat eins winne moast, ferlear mei 5-2 fan VVOG. De Snitsers steane no ien nei lêste. Troch it ferlies fan Dronten ha de Snitsers dy ploech noch yn it sicht. ACV - Harkemase Boys einige, tsjin de ferhâlding yn, yn 2-1.