Brevet foar Alvestêdebetwingers

© Omrop Fryslân
Yn Wâldsein binne freed 81 Alvestêdebrevetten útrikt. Minsken dy't de tocht rinnende, op redens en op de fyts dien hawwe, kin sa'n brevet krije.
By de útrikking wie der sprake fan mingde gefoelens. It net trochgean fan de ferskate tochten dit jier, fanwege de tongblier, wie in domper. De kâns is dan ek lyts dat der takom jier wer in nije lichting in brevet krije kin.