Keunststof hynders yn Fryslân

Meikoarten kinne der keunststofhynders yn it Fryske lân ferwachte wurde. It ideale Fryske hynder, dat oan de strange noarmen fan it Frysk Hynstestamboek foldocht is yn Poalen fan keunststof makke. In hynder kostet 3600 gûne smoarch.
It idee komt fan de inisjatyfnimmers fan it keunstkijprojekt fan ferline jier. Dat wie mei Simmer 2000 in grut sukses. Der binne 500 opskildere kij ferkocht.