Fok-skema hynders yn 'e war

© Omrop Fryslân
De tongblierkrisis hat ek gefolgen foar de Fryske hynstehâlderijen. Eins soe it dekseizoen al begjinne moatte, mar troch de sykte is it fokskema yn 'e war. De ynkomsten hawwe dêr bot ûnder te lijen.
Guon dekstasjons krije gjin merjes mear oanfierd, om't de eigners benaud binne foar tongblierbesmetting, ek al kin hynders de sykte net krije. De hynstewrâld hopet op in skeafergoeding.