Amelanner fjoertoer moat ticht

© Omrop Fryslân
De fjoertoer op It Amelân moat ticht. Minister Netelenbos hat besletten dat de toer definityf mei yngong fan 1 oktober ticht moat. De toer is net feilich genôch foar besikers.
Joop Atsma, Twadde-Keamerlid foar CDA, hie frege oft de toer dochs iepen bliuwe koe om't jierliks 70.000 toeristen de fjoertoer beklimme. Ek de tuorren by Egmond en Westkapelle moatte ticht.