Soad tsjerken tongersdei iepen

Der is in soad belangstelling foar de oprop fan 'e tsjerken fan Britsum, Arum, Koarnjum, Jelsum en Kimswert. De oprop hâldt yn dat safolle mooglik tsjerken tongersdei om 18.30 de needklok liede.
De minsken wurde sa oproppen om yn 'e tsjerken in protest-oprop tsjin it romjen fan sûn fee te tekenjen. De tekst fan 'e protest-oprop is te krijen by frou Loonstra 058 - 2571487.