Aksje Ent Europa

Aksjekomitee Ent Europa wol no sneon nei Den Haach om in protestaksje te hâlden. Sa'n trijehûndert frijwilligers hawwe har al oanmelden.
Minsken dy ek mei wolle kinne har opjaan troch te beljen nei 058-2336725. De opstappunten binne foarearst Quatrebras, Ljouwert, Frjentsjer, Drachten, It Hearrenfean en Snits. Ek siket it komitee noch sponsors.