Brânbrief fan PvdA Dokkum

© Omrop Fryslân
Fraksjefoarsitter Dykstra fan de PvdA yn Dongeradiel hat in brânbrief skreaun oan partijgenoaten yn Den Haach. Yn de brief trunet Dykstra der op oan wat te dwaan oan de ûnwisse situaasje dêr't boeren yn it troffen gebiet yn sitte.
Dykstra ropt yn de brief ek op ta intsjen. Hy neamt it te gek foar wurden dat 75 feebedriuwen yn Dongeradiel romme wurde, wylst mar op 2 tongblier wie.