50 militêren oan it wurk

© Omrop Fryslân
Yn Sâltkamp hawwe freed 50 militêren ynstruksjes krigen foar help oan de Fryske plysje yn it tongbliergebiet. De militêren sille de plysje helpe by kontrôle en tafersjoch yn de 12 kilometer-sône.
De militêren hawwe net itselde foech as de plysjeminsken om minsken oan te hâlden of te bekeuren. De militêren sille benammen de plysje hantlangje, omdat Plysje Fryslân minsken te koart hat.