Wergea: gjin iepenloftspul

It iepenloftspul fan Wergea yn juny giet net troch. Fanwege it útbrekken fan tongblier achtet de organisaasje it net ferantwurde om it iepenloftspul - op in lokaasje yn it bûtengebiet - troch te setten. Troch it beslút no al te nimmen beheint Wergea de finansjele skea.
Oare iepenloftspullen sitte mei itselde dilemma. Dat jildt ûnder oaren foar Dronryp, Burgum en Opsterlân.