Militêren ynset by ôfsettings

Om de plysje te helpen by it ôfsetten fan it tongbliergebiet, wurde meikoarten militêren ynset. Der soene sa'n 20 posten komme. Dat is tongersdei bekend makke op in parsekonferinsje.
De autoriteiten roppe elkenien op om net nei de besmette gebieten te gean. Hobbyboeren wurdt frege har te melden by har gemeentes. In tal gemeentes is freed tillefoanysk berikber.