Maatregels yn tongbliergebiet

Op in parsekonferinsje yn Dokkum binne in tal maatregels bekend makke nei oanlieding fan it tongbliergefal yn Ie. Der binne trije sônes om it bedriuw ynsteld: in 2, 4 en 10 km-sône.
Yn de 2 km-sône sille alle evenhoevige bisten romme wurde. It giet om 37 meast gruttere molkfeehâlderijen mei byelkoar tusken de 2500 en 4000 bisten. Ie is allinnich iepen foar eigen ynwenners.