Ljouwert wol Fryske strjitnammen

De gemeente Ljouwert sil yn de nijbouwiken Frysktalige strjitnammen ynfiere. B en W ha dat tiisdei besletten. It giet yn earste ynstânsje om de Bullepolder en Ljouwert-Súd.
Oant no ta waarden yn haadsaak Frysktalige strjitnammen brûkt yn de doarpen fan de gemeente. B en W wike dêr no fan ôf. Betingst is wol dat de nammen net te dreech út te sprekken binne.