Skieppehokken grôtfol

© Omrop Fryslân
Slachterijen moatte sa gau mooglik wer tastimming krije om skiep te slachtsjen. Foarsitter Boersma fan de sektor skieppehâlderij fan 'e LTO seit dat. De lêste wiken binne troch it ferfiersferbod tûzenen lamen omkommen.
Sûnt freedtenacht is ferfier nei de pleats wer tastien, mar foar de skiep is op de bedriuwen te min plak. Slachtsjen is de oplossing neffens Boersma.