Jubileum Harmen Roeland

© Omrop Fryslân
Harmen Roeland wol dat it Grouster skûtsje in monumint kriget. Dat sei de sjoernalist op syn jubileumfeest yn Grou. Roeland wurket 25 jier by it NOSjournaal, no as einredakteur Ontbijt-TV.
Tal fan pommeranten wiene oanwêzich yn Hotel Oostergo, ûnder oare Hans Wiegel, Anneke Douma, Nico Haasbroek en Johan Stekelenburg. It jild dat Roeland kado krige hat, is ornearre foar it monumint.