Cambuur wint yn blessueretiid

Cambuur wûn sneon yn blessueretiid fan Helmond Sport. Dêrmei waard in net al te bêst fuotbalseizoen foarearst rêden. Johan Abma iepene de skoare. Dêrnei makke Helmond Sport-spits Henar tankber gebrûk fan in misferstân tusken keeper Cees Pauwe en Davy Veldman: 1-1.
Yn 'e twadde helte makke deselde Henar der 2-1 fan. Loontjes (2-2) en Goudmijn koene de eare foar Cambuur rêde (2-3).