Impala wol fasttrackbaan

© Omrop Fryslân
Impala Drachten hat driuwend ferlet fan in nije atletykbaan. Probleem binne lykwols de hege kosten (2 miljoen). De gemeente Smellingerlân soe dêrfan it grutste part op it kleed lizze moatte.
Impala hat 400 leden en it wurde hieltyd mear. Renovaasje fan 'e besteande baan is gjin opsje. Yn maaie sil de gemeente oer de saak gear. Op It Hearrenfean binne ek plannen foar grutte sportbûlevard.