Grinzer galery strikt Benners

© Omrop Fryslân
Yn Grins is in eksposysje iepene mei wurk fan in tal grutte Fryske skilders. Galerie Art du Nord hat doeken fan ûnder oare Gerrit Benner, Jentsje Popma en Sjoerd de Vries witten te besetten. De fyftjin Friezen binne elk mei twa wurken fertsjinwurdige.
Njonken de galery oan 'e Noarderhaven hat Fries-om-utens Gerriet Postma syn atelier. Hy hâldt iepen hûs.