'Geweld Nee' súksesfol yn Wales

© Omrop Fryslân
De súksesfolle Tryaterproduksje 'Geweld Nee' wurdt op dit stuit yn Wales spile troch it Spectacle Theatre ûnder de titel 'Gwylwyr'. It is foar it earst dat in Frysk toanielstik oerset is yn in oare Europeeske minderheidstaal.
De foarstellings op skoallen en jeugdsintra falle der goed yn by publyk en parse. It stik wurdt dit seizoen 40 kear spile en stiet ek takom jier op 'e rol.