Dútsers mei hûnen bliuwe fuort

© Omrop Fryslân
Kamping It Soal yn Warkum hat ferskate telefoantsjes hân fan Dútsers dy't harren fakânsje ôfsein hawwe. In protte Dútsers binne benaud foar tongblier en doare dêrom net mear nei Nederlân ta te gean.
Neffens kampingbaas Mondeel fan It Soal is fakânsje yn Nederlân bêst mooglik. De kamping hat oant no ta allinnich ôfsizzings hân fan Dútsers mei hûnen.