Dûbeltsje boeretaslach op molke

De molke wurdt nije wike in dûbeltsje de liter djoerder. Dat komt troch de tongblierkrisis. It dûbeltsje giet streekrjocht nei de molkfeehâlders, dy't troffen binne troch de tongblierkrisis.
Direkteur Roos fan it Sintraal Buro Levensmiddelenhannel hat dat tiisdei sein. De saneamde boeretaslach jildt foar meagere, healfolle en folle molke en ek foar sûpe.