Keunstrotondes yn Makkum

Yn Makkum is tiisdei út ein set mei de betegeling fan in fjouwertal rotondes. It keunstnerpear René van der Bruggen en Gea Kuipers út Skuzum hat de tableaus ûntworpen. It keunstprojekt lit sjen hoe't it doarp der yn de jierren santich útseach.
De rotondes foarmje de ferbining tusken Makkum en rekreaasjegebiet De Holle Poarte.